Spesjale edysje Ballonfeesten

02 feb 2010 - 11:13
  • By it jubileum yn 2010 meie bern mei in spiersykte mei de loft yn (argyffoto)

Op de iepeningsdei fan de jubileumedysje fan de Fryske Ballonfeesten, gean 125 luchtballonnen de loft yn. Dat sil fan tweintich lokaasjes ôf yn Skarsterlân. Hokker dat binne is noch net dúdlik. Yn elke ballon giet in bern mei in spiersykte mei. Dat lêste wurdt dien yn gearwurking mei de Stichting Spieren voor Spieren.

Ballonfarders út binnen- en bûtenlân stelle in plakje yn harren koer beskikber foar de bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)