Brommobyl fan âld man fernield

De plysje siket tsjûgen fan de fernielerij yn Appelskea
De brommobyl fan in 82-jierrige man út Appelskea is sneontenacht fernield. It karke stie oan de Alle Wijtjesweg yn it doarp. Fan de brommobyl binne beide bûtenspegels ôftrape, de rutewiskers op it foarrút waarden ferbûgd en de wisker op it achterrút waard ôfbrutsen. Fierder waard de kentekenplaat fan de brommobyl sloopt.
De plysje siket tsjûgen fan de fernielerij.