FNP skrast yn ferkearsplannen

De FNP wol ferkearsplannen oanpasse
De FNP-steatefraksje wol in grut tal plannen skrasse yn it provinsjale programma Ferkear en Ferfier. It giet om in bedrach fan hast 107 miljoen euro. It giet om plannen foar in spoarline Hearrenfean-Grins, de 4- baans fariant fan de Sintrale As en de rûnwei Garyp. Neffens de FNP is in 2- baans fariant fan de Sintrale As foldwaande, benammen fanwege de ferwachte krimp fan de befolking.
De Sintrale As gemeenten hoege fan de FNP net oan de dyk mei te beteljen.