Sieraden stellen yn Snits

02 feb 2010 - 10:47

De plysje docht ûndersyk nei in ynbraak yn in winkel oan de Galigastrjitte yn Snits. Dêrby binne sieraden stellen. Tiisdeitemoarn betiid om fjouwer oere gie it alarm. De plysje seach dêrnei dat ynbrekkers de glêzen doarren fan de winkel mei stiennen ynsmiten hiene. Yn de winkel wiene fitrines mei sieraden iepenbrutsen en der wiene sieraden fuort.

De plysje siket kontakt mei minsken dy't mear ynformaasje hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)