Huzen slope foar nijbou

Nijbou giet ferkrotting tsjin
Yn de doarpen op it plattelân moatte huzen sloopt wurde om de leefberens op peil te hâlden. Dat fynt adviseur Bonne van der Kooi fan it Grinzer arsjitekteburo KAW. It is net de bedoeling dat yn Fryske doarpen hiele parten sloopt wurde, mar nijbou yn doarpen dêr't minsken fuortgean is needsaaklik.
Neffens Van der Kooi moatte oerheden net skruten wêze om mear huzen te slopen. Dat foarkomt ferkrotting en is dus goed foar de leefberens.