NE-Fryslân moat foarút

Noardeast-Fryslân moat oan de takomst wurkje
In masterplan foar de kommende 20 jier moat de ûndernimmers fan NE-Fryslân foarút helpe. Yn it stik komt ûnder oare te stean dat de sakelju net ambisjeus genôch binne. Se litte kânsen lizze en dat kin net lije yn tiden fan ekonomyske krisis en krimp.
Der moat folle mear dien wurde mei de Waadsee en it lânskip. De ûndernimmers moatte oer de gemeentegrinzen hinne sjen en skoalbern moatte nei it eksamen yn NE-Fryslân bliuwe. Mar dan moat der wol wurk wêze.