WoonFriesland ek út Surhuzum

WoonFriesland lûkt him ek út it projekt yn Surhuzum werom
WoonFriesland is opnij ôfheakke yn in nijbouprojekt yn de gemeente Achtkarspelen. Yn Surhuzum sjogge se ôf fan de bou fan 13 senioarewenningen op it eardere kuorbalfjild.
WoonFriesland makke ferline wike bekend út ferskate bouprojekten te stappen, omdat it der gjin jild mear foar hat. De korporaasje konsintrearret him no mear op gebieten dêr't al in soad klanten binne. Surhuzum heart dêr net by.