Ungelokken troch glêdens

It winterwaar soarge ek tiisdei wer foar in soad ûngelokken
Yn de hiele provinsje is it tiisdeitemoarn tige glêd op 'e diken. Yn koarte tiid wiene der hast 20 ûngelokken. Op de A31 by Harns rekke in frachtauto yn 'e slip. Ien rydstrook rjochting Harns waard tydlik ôfsletten. Op de A31 wiene noch fjouwer ûngelokken troch de glêdens. Dêrby is ien persoan ferwûne rekke.
Op de A32 wiene sa'n 12 ûngelokken en op de A7 wie der ek in ûngelok. It KNMI warskôget foar ekstreem waar troch izel.