Slachting ûnder markols

01 feb 2010 - 20:21

Op de Achterwei yn Broeksterwâld hat moandeitejûn in wiere slachting plakfûn. Sa'n 70 markols binne troch in auto deariden.

De automobilist seach de bisten te let en koe se net mear ûntwike. It is net de earste kear dat soks bart. In wike lyn waarden noch goed 30 bisten op in selde wize oanriden yn Grinslân. De wetterfûgels sykje yn dizze kâlde tiid de waarmte fan de dyk op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)