Nije Fryske keeperskoallen

01 feb 2010 - 20:09

Keeperstrainer Sierd van der Berg fan FC Zwolle en keeper Ale Geert de Vries fan Cambuur sette keeperskoallen op yn Snits, Drachten en Kollum. Beide manlju hawwe al in skoalle yn Wirdum, mar de fraach is sa grut dat der op mear lokaasjes yn Fryslân kursussen jûn wurde.

Keepers tusken de 8 en 18 jier kinne sneintemoarns traine yn Wirdum en freedtejûns op de oare lokaasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)