Betelbere rekreaasje

De rekreaasjesektor yn Skarsterlân moat ek foar 'gewoane' minsken noch te beteljen wêze, warskôget wethâlder Walrecht dêr. De plannen dy't der no lizze binne allegear foar lúkse ferbliuwsakkommodaasjes dy't Jan Modaal lang net altyd betelje kin.
Dêrom wol wethâlder Walrecht de rekreaasjemooglikheden foar minsken mei in smellere beurs stimulearje. Bygelyks trochs sels in terrein oan te keapjen en te ûntwikkeljen en it dêrnei ûnder betingsten oanbiede.