Gjin straf foar ielfisker

01 feb 2010 - 15:17

De Harnzer ielfisker Minne Boersma hat moandei gjin straf krigen fan de rjochtbank. Boersma moast foarkomme omdat er op 8 oktober mei in ielfûke oan it fiskjen wie. Dat wie yn de perioade dat ielfiskjen ferbean wie. Der wie in boete fan 1600 euro easke.

Ek al gie de perioade dat net op iel fiske wurde mocht op 1 oktober yn, de offisjele beskikking fan de Europeeske Kommisje kaam pas op 20 oktober. It gie dêrom wol om in strafber feit, mar de fisker krijt gjin straf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)