Frijspraak troch flaters

01 feb 2010 - 14:57

Twa offisieren fan justysje yn Ljouwert soenen flaters makke hawwe wêrtroch't fertochten frijsprutsen binne. Undersyk fan it tv-programma Zembla lit sjen dat twa jonges fan 15 en 16 jier dy't fertocht waarden fan oanranding mei in frikandel, binne frijlitten. Neffens Zembla om't it strafdossier net folslein wie.

Yn de oare saak hat it Iepenbier Ministearje fertutearze fee fan in frou trochferkocht wylst tsjin har sein wie dat dit net barre soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)