Biblioteek sûnder personeel

In biblioteek sûnder personeel, dêr't de minsken har hielendal sels rêde moatte. Dat klinkt as takomstmuzyk, mar yn Snits en Frjentsjer is it fan dizze wike ôf al it gefal. De biblioteken dêr kinne no langer iepen wêze. Allinnich is der dan moarns gjin persoaniel oanwêzich.
It giet foarearst noch om in proef fan in pear moannen want der sitte noch wol wat heakken en oezen oan.