Lemster polyklinyk yn gebrûk

01 feb 2010 - 13:45

Op De Lemmer is moandei in polyklinyk fan sikehûs de Tjongerskâns offisjeel yn gebrûk naam. Njoggen spesjalisten fan it sikehûs op It Fean sille dêr in pear deidielen yn de wike pasjinten út de Súdwesthoeke en de Noardeastpolder behannelje. Dy hoege dan net langer nei it sikehûs op It Fean te reizgjen.

It nije sintrum wurdt de kommende twa wiken noch net folslein brûkt. Der komme ek mar in pear pasjinten deis del om't de nije romten en de apparatuer earst test wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)