Ofdielingsdirekteur Caparis

01 feb 2010 - 09:56

De ôfdieling 'ûntwikkeling en yntegraasje' fan de sosjale wurkfoarsjenning Caparis hat in nije direkteur. It is de âld loko-gemeentesiktaris fan Achtkarspelen, Sybrig Sytsma. By Caparis is koartlyn in reorganisaasje trochfierd. Dêrtroch is de nije ôfdieling ûntstien.

Frou Sytsma hat yn Achtkarspelen ek behelle west yn grutte feroaringen yn de organisaasje. Se begjint op 1 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)