Warskôging foar glêdens

01 feb 2010 - 06:13

De op- en ôfritten fan de sneldiken yn Fryslân kinne pleatslik glêd wêze. Dêrfoar warskôget Rykswettersteat. Oarsaak is de snie dy't der oan it begjin fan de moarn fallen is. De diken sels binne ridlik goed begeanber. De A6 is wol sjippeglêd. It stik Emmeloord-Lelystêd is ôfsletten.

Neffens provinsjale wettersteat binne ek de provinsjale diken oer it algemien ridlik goed te beriden. Ek hjir jildt lykwols dat it pleatslik glêd wêze kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)