LDODK wint mei grut ferskil

31 jan 2010 - 17:58

De kuorballers fan LDODK ha de wedstriid tsjin konkurrint Vada mei 33-22 wûn. De thúsploech út Terwispel en De Gordyk wie oer alle boegen better, al wie it gatsje healwei noch mar fjouwer punten: 16-12. Yn de earste tsien minuten fan de twadde helte dindere LDODK oer Vada hinne.

SCO kaam yn Wormer tsjin Groen Geel net fierder as 18-18. CSL tsjin AKC en Mid-Fryslân by Die Haghe hiene sneon al ferlern. LDODK is no de grutste konkurrint fan koprinner Die Haghe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)