Jou Ljouwert behear km-heffing

31 jan 2010 - 15:23

De administraasje fan 'e kilometerheffing moat yn Ljouwert komme, as de maatregel troch de Twadde Keamer ynfierd wurdt. Dat boadskip jout de gemeente de Keamerleden mei. It Sintraal Justisjeel Ynkassoburo is dêr poer geskikt foar. It soe boppedat in pear hûndert nije banen opsmite. De provinsje hat krityk op de km-heffing om't er foar de Friezen djoer útpakke kin. CDA-Keamerlid Sander de Rouwe sil him foar Ljouwert as nij administraasjeplak ynsette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)