Oer de kop tsjin fangrail A7
In 36-jierrige automobilist út Zoetermeer en syn passazjiere binne sneontejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by It Hearrenfean. Yn in sniebui begûn de auto te slippen, sloech oer de kop en kaam tsjin de fangrail ta stilstân.
De man en de frou moasten mei de ambulânse nei it sikehûs.