Man skelt plysje út

31 jan 2010 - 14:43

Utskellen fan in plysjeman wie foar de plysje yn Ljouwert sneontejûn reden om in Ljouwerter (42) op te pakken. Der wie in melding kaam dat in man dronken en oerstjoer yn syn auto fuortriden wie. Doe't de plysje mei in tsjûge stie te praten, kaam er deroan riden. Hy stapte út en skelde in plysje út.

De man waard oppakt, mar wraksele bot tsjin. Ut in ademanalyze op it buro die bliken dat er fierste folle dronken hie. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)