Kat mei kûgeltsjes yn it liif

In bistedokter hat sân kûgeltsjes fûn yn in kat út Aldhoarne. It bist wie oanriden en is troch de biste-ambulânse nei in klinyk op It Hearrenfean brocht. It bist hie ek in klaplong en ferlammingsferskynsels. Neffens de bistedokter sitte de kûgeltsjes al in skoft yn it bist. It giet om in kat dy't geregeld yn de buert fan de Wijbradiskoalle yn Aldhoarne komt en dêrom bekend stiet as de skoalkat. It is ûndúdlik oft de kat better wurdt, mar neffens in wurdfierder fan de klinyk yt er al wol wer goed.
De Bistebeskerming ôfdieling Fryslân ropt minsken dy't mear witte oer de besjitting of dy't ek soks meimakke hawwe op om har te melden.