Spoar yn snie: man oppakt

31 jan 2010 - 14:26
  • Besnijde diken: ekstra help by opspoaring

Troch spoaren yn de snie hat de plysje sneon op de Roptastate yn Ljouwert in man (52) út dy stêd oanhâlde kind. Ien hie sjoen dat er mei de auto tsjin in lampepeal botst wie en trochriden de boskjes yn. Plysjes troffen de auto oan sûnder bestjoerder.

Fuotstappen yn de snie laten nei in portyk dêr't de Ljouwerter op de grûn lei. Hy hie safolle dronken dat er net mear oerein bliuwe koe. Op it buro is him in bloedproef ôfnaam. Syn riidbewiis wie ek ûnjildich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)