Plysje-auto molestearre

31 jan 2010 - 14:08

It bekûgeljen fan in plysjeauto mei snieballen pakte sneontenacht min út foar in 24-jierrige man út Jobbegea. De plysje seach op It Hearrenfean dat in groepke jongeren snieballen nei de auto smiet. Ien fan harren krige in boete foar baldadigens.

Wylst de plysje dwaande wie dy út te skriuwen, joech Jobbegeaster in wâd tsjin de bûtenspegel fan de plysjeauto. Dêrnei bruts er de rutewisker op it achterrút ôf. Hy waard oppakt en moast mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)