Benefyt foar Haïty yn Grou

31 jan 2010 - 13:03

Yn it Aquaverium yn Grou is snein in benefytkonsert foar Haïty. Trettjin shantykoaren en muzikanten út Fryslân trede dêr op en de flagge fan Haïty wurdt feild. De opbringst giet nei de Stichting Projecthulp Haiti. Dy bout skoallen en wetterpompen op Haïty en soarget ek foar ûnderhâld.

It jild is foar de weropbou fan it lân nei de ierdbeving. Ald-fuotballer Lesly Fellinga fan SC Hearrenfean, berne op Haïty, fertelt oer de Stichting Projecthulp Haiti.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)