Mid-Fryslân moat belies jaan

30 jan 2010 - 23:37

De kuorballers fan Mid-Fryslân bin der net yn slagge om koprinner Die Haghe te ferslaan. Yn Den Haach waard it 26-20 foar de thúsploech. De kuorballers fan Reduzum en Grou joegen it yn de earste tsien minuten út hannen. Die Haghe naam doe in 7-1 foarsprong en dy tik efterfolge de Friezen de hiele wedstriid. Healwei stie it 14-10 en benammen de froulju fan Die Haghe wiene net te hâlden

CSL ferlear krekt fan AKC: 23-24. Foar de Britsumers wurdt it no hiel dreech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)