Diskwalifikaasje Bouwmeester

Marit_Bouwmeester is yn de medaljerace yn Miami diskwalifisearre. Yn de striid tusken de bêste tsien fan de Laser Radial klasse soe Marit yn har Laser oan it ´wrikken´ west ha. Yn de einstân sakke de sylster fan Warten fan it fiifde nei it achtste plak.
Dorian_van_Rijsselberge fan Teksel en studint op it CIOS fan It_Hearrenfean waard fjirde yn de medaljerace. Dat wie genôch foar de winst yn de RS:X klasse. Ferline jier wie de surfer ek al de bêste by de wrâldbeker yn Miami.