Bazuin ferkeapet tsjerkebanken

Fanfare De_Bazuin ferkocht sneon tsjerkebanken om jild yn te sammeljen De banken komme út de grifformearde tsjerke yn it doarp.
De_Bazuin hat de tsjerke koartlyn kocht as oefenromte en derfoar stiene de banken flink yn it paad. Se moasten fuort en troch de banken te ferkeapjen koe der ek noch jild ophelle wurde om de ferbouwing te bekostigjen. Fierders waarden der ek muzykynstruminten ferkocht.