Alkoholkontrôle: 300 blazers

30 jan 2010 - 14:55

By alkoholkontrôles rûnom yn 'e provinsje moasten freedtenacht goed trijehûndert minsken blaze. Fiif fan harren moasten mei nei it buro foar in ademanalyze.

Yn fjouwer gefallen hiene de bestjoerders safolle dronken dat se it rydbewiis ynleverje moasten. Utsjitter wie dêrby in 49-jierrige Harnzer, dy't mear as fjouwer kear safolle dronken hie as tastien is. Hy krige in rydferbod fan alve oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)