Tsjûgen fjochterij socht

30 jan 2010 - 14:13

De plysje siket tsjûgen fan in fjochterij op It Hearrenfean. Op 'e Poststrjitte soene om sawat fiif oere sneontemoarns fjouwer man lestich fallen wêze.

Der binne tsjinstridige ferklearrings ôflein. Trije manlju beweare dat de fjirde ien fan harren oanfallen hie. De fjirde man seit lykwols dat er de trije manlju mei in fyts dwaande sjoen hie en har dêrop oansprutsen hie. Hy waard dêrop skopt en slein. De manlju hawwe oer en wer oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)