Wer oerlêst troch sniebuien

It ferkear moat rekken hâlde mei glêdens en min sicht yn sniebuien
De sniebuien fan fannacht soargje opnij foar minne diken. Benammen de A32 en de Wâldwei hawwe lêst fan in soad snie op 'e dyk. Der wurdt hurd wurke om mei skowers de diken wer skjin te krijen. En der wurdt ek yntinsyf struid. Der is lykwols op sneon minder ferkear en wurdt it sâlt net sa hurd ynriden as troch de wike.
It ferkear moat ek de kommende dagen rekkenhâlde mei glêdens troch sniebuien. Yn dy buien kin it sicht hiel min wêze.