Bouwmeester klimt twa plakken

Marit_Bouwmeester is yn Miami by de wrâldbekerwedstriden yn de Laser Radial klasse twa plakken omheech gong. De sylster fan Warten waard yn de njoggende en tsiende race sânde en njoggentjinde. Se stiet no fiifde yn de tuskenstân. Sneon is de medaljerace tusken de bêste tsien en telle de punten dûbel.
Roelof_Bouwmeester hie freed net in bêste dei. Beide kearen waard de broer fan Marit 22ste. Hy stiet 23ste yn de tuskenstân en sylt gjin medaljerace.