Ferlies Cambuur yn Eindhoven

Léon Hese bliid mei Cambuurdoelpunt
SC Cambuur rûn freedtejûn tsjin it tredde ferlies yn de kompetysje op. Yn en tsjin Eindhoven waard mei 3-1 ferlern. Leon Kantelberg iepene de skoare yn de earste helte. Cambuur hie net lang wille fan de lykmakker fan Léon Hese yn de 62ste minút, want trije minuten letter makke Jeffrey Vlug de 2-1. Rob van Boekel die de wedstriid op slot mei de 3-1 út in rappe útfal.
De foarm is der by de Ljouwerter fuotballers nei de winterstop noch net.