Brok nimt ôfskie
Snits hat freedtemiddei yn in bomfolle Martinitsjerke ôfskie naam fan boargemaster Brok. Yn in spesjale riedsgearkomste waard it ûntslach fan Brok formeel oan 'e oarder steld, en unanym oannaam.
Nei in lang applaus krige Brok fan de gemeente in twalûk mei in foto fan in iisskulptuer en in gedicht fan de Snitser stedsdichter Henk van der Veer.