Lid sette sels falske hanteken

29 jan 2010 - 21:37
  • Ad van der Kolk
  • Annette Panhuis

Leden fan de wurkgroep SP Skarsterlân ha mei sin in oare hantekening setten ûnder it formulier dat se ynleveren by de Kiesried yn de gemeente. Annette Panhuis fan de wurkgroep jout ta dat de hantekening net fan in bestjoerslid fan de SP wie, mar fan in lid út de eigen wurkgroep. Doel wie om as lokale SP-fraksje meidwaan te kinnen oan de gemeenteriedsferkiezings yn maart.

De lanlike top fan de SP hie dat ferbean omdat de kandidaten net klear wiene foar de gemeenteried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)