Oarsaak kompjûterprobleem fûn

It liket der op dat de oarsaak fan de kompjûterproblemen by de plysje fûn is. De ôfrûne dagen binne rom twahûndert minsken dwaande west om de oarsaak te finen.
It docht no bliken dat by ûnderhâldswurksumheden in wichtich reparaasjeprogramma net pleatst is. Hjirtroch rûn it rekkensintrum stadichoan fêst. Dit is no foar in diel wersteld. De kommende dagen wurde de systemen test. It sil yn elts gefal in wike duorje foardat alles klear is.