Ielfiskerij yn swier waar

29 jan 2010 - 16:15

De ielsektor sit yn swierwaar. It fangstferbod treft beropsfiskers, mar ek kwekers en hannelers. Doede Visser, de nije foarsitter fan it bûn fan binnenfiskers, is drok oan it lobbyen om de sektor te rêden. Dat bringt him ûnder oaren nei it âlde fiskersdoarp Spakenburg, foar oerlis mei kwekers, ferwurkers en hannelers yn iel.

Om de iel te rêden moat de fiskerij duorsum wurde. Ek it imago fan de sektor sil omheech moatte. Dêrfoar wurdt in publisiteitskampanje opset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)