Tyt. brûkt rekkenkeamer goed
De gemeente Tytsjerksteradiel makket goed gebrûk fan de gemeentlike rekkenkeamer. Dat docht bliken út in nij rapport oer de effekten fan de kommisje. Nei oanlieding fan in evaluaasje begjin 2009 hat de kommisje ûndersocht wat der mei har eardere advizen bard is.
Fan de 39 advizen hat de gemeente Tytsjerksteradiel goed 29 brûkt. De gemeente hat al goed sân jier in rekkenkeamer.