Fraude SP Skarsterlân

29 jan 2010 - 15:07

De SP lûkt him werom foar de kommende riedsferkiezings yn Skarsterlân. De partij hat papieren ynlevere mei in falske hanteken fan Jan_Marijnissen. Boargemaster Bert_Kuiper makke dat freed op in parsekonferinsje bekend. De lanlike SP wie bot fernuvere oer de dielname fan de SP yn Skarsterlân. It bestjoer hat de saak oankaart.

De gemeente hat de saak ûndersocht. De minsken op de list lûke har no werom. Troch bepalingen yn de kieswet, bliuwt de SP 3 maart op de stimbiljetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)