Posteraksje plysje slacht oan

De nije opspoaringsmetoade fan de plysje slacht oan. Al 10.000 minsken hawwe op YouTube nei it filmke sjoen oer de trije oerfallen op supermerken yn Ljouwert. De plysje presentearre de nije opspoaringsmetoade tongersdei.
Op ferskate skoallen, by biblioteken en by de supermerken hingje posters mei in streepkeskoade. Dy koade kin scand wurde mei in mobile telefoan mei ynternetferbining. Sa kinne minsken it filmke sjen mei ynformaasje oer de dieders.