Douwe de Vries tekenet by TVM

31 mrt 2012 - 11:05

Reedrider Douwe de Vries rydt it kommend seizoen mei in dûbelkontrakt. De Feanster komt út foar it maratonteam Telstar/Prima-Gas, mar hy tekene ek in kontrakt fan ien jier by TVM. By TVM rjochtet De Vries him benammen op de 5 en 10 kilometer.

De ferwachting is net dat de reedrider him pleatse sil foar in grut allround-toernoai. Dêrtroch kin er yn de wykeinen dy't er dan frij hat maratons ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)