Vandenbussche werom tsjin ADO

Brian Vandenbussche wer yn de goal
Trainer Jan de Jonge fan Sportklup Hearrenfean hat syn basisalvetal yn fergeliking mei de lêste wedstriid tsjin Willem II op mar leafst fjouwer plakken wizige. Doelman Brian Vandenbussche is wer better fan syn blessuere oan de rêch en ferfangt Martin Lejsal. Ek Oussama Assaidi komt werom. De linkeroanfaller ûnderfynt gjin hinder mear fan syn bilblessuere.
Michal Papadopulos en Michal Svec sitte tsjin ADO op de bank. Viktor Elm en Gerald Sibon steane yn de basis.