Tekoart B'him op ûnderwiis

It iepenbier ûnderwiis yn Boarnsterhim slút dit jier mei in tekoart fan hast 200.000 euro. It giet om de earste begrutting dy't de nije Stichting Openbaar Onderwijs Boarnsterhim opstelt. It tekoart komt om't it Ryk besunigt op de post bestjoer. De stifting moat krekt op dizze post ekstra ynvestearje fanwege de ferfanging fan de algemien direkteur.
It tekoart soe noch grutter wêze as de gemeente net in breidsskat fan goed twa ton betelle hie.