Poalske dieven oanholden
De plysje yn Grins hat op de A7 by Marum twa Poalske mannen oanhâlden dy't earder ynbrutsen hiene by in bedriuw yn Drachten. It giet om twa manlju fan 36 en 39 jier. Se stiene mei har buske mei Sweedsk kenteken mei pech by in tankstasjon.
Doe't de plysje it buske ûndersocht fûnen se pûden mei auto-ûnderdielen. Dy wiene stellen by in bedriuw yn Drachten.