Noro-firus ûnder kontrôle

It Noro-firus yn ferpleechhûs De Waadwente yn Dokkum is ûnder kontrôle. It firus stuts begjin dizze wike de kop op. De hygiënemaatregels bliuwe fan krêft om it búkgrypfirus tsjin te gean. De iepening fan de ôfdieling De Oase yn De Waadwente giet sneon troch.
It giet hjir om soarch foar minsken yn de lêste libbensfaze. Mar ek dêr wurde maatregels naam. Sa komme de gasten net troch de haadyngong, mar troch de achteryngong en is der sprieding fan aktiviteiten.