Manlju ferniele merkkreamen
De plysje hat freedtemoarn trije manlju oanhâlden, dy't op it Waagplein yn Ljouwert merkkreamen fernield hiene. De plysje kaam it trio, twa Ljouwerters fan 22 en 23 jier en in 22-jierrige man út Almere, op it spoar troch it kameratafersjoch.
Op de bylden wie te sjen dat de mannen de krekt derfoar opboude kreamen fernielden en de balken op it iis smieten.