Plysje drok mei fjochtersbazen

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitenacht drok west mei fjochtersbazen. In 29-jierrige Ljouwerter waard oanhâlden om't er in meiwurker fan in sportskoalle yn Heechterp mishannele. De man reagearre agressyf doe't de meiwurker him frege in sporttastel op te romjen dat er brûkt hie. De man is thús oanhâlden.
In 20-jierrige ynwenner fan Haarlem is oanhâlden op de Nijstêd. De man hie in 22-jierrige Ljouwerter mei in bierglês slein.