Bierdief mei muoite oanholden

29 jan 2010 - 09:47

In 22-jierige man út Wolvegea is tongersdei oanhâlden nei't er bier stelle woe by in winkel oan it Van der Sandeplein. In meiwurker trapearre de man en pakte him beet. De dief wist dochs fuort te kommen troch syn jas út te lûken. Dat makke it foar de plysje maklik om him op te spoaren, want dêr sieten ek syn identiteitspapieren yn.

Doe't de plysje by de man thúskaam, sprong er fan it balkon en besocht fuort te kommen. Nei wat glydpartijen krige de plysje him úteinlik te pakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)