Soad folk op jûn oer fúzje

29 jan 2010 - 09:22

Inkele hûnderten minsken kamen tongersdei ôf op in aksjegearkomste yn Koudum tsjin de gemeentlike weryndieling. De jûn wie organisearre troch de protestgroep Fan Underen Op dy't de fúzje fan de fiif gemeenten keare wol omdat it net demokratysk ta stân kommen wêze soe. Op de jûn kamen foar- en tsjinstanners út de provinsjale polityk oan it wurd.

Freed komt in Twadde Keamerdelegaasje nei de Súdwesthoeke. It parlemint moat de fúzje úteinlik goedkarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)