Ungelokken troch glêdens

29 jan 2010 - 07:46

De plysje warskôget dat de diken ferriederlik glêd wêze kinne. Neffens de plysje is it sawol op trochgeande as binnendiken glêd. Dêr binne freedtemoarn al 24 ûngelokken bard. Dêrby is ien bestjoerder ferwûne rekke. Dy rekke op de A32 fan de dyk. De auto kaam op de kop ta stilstân. De man is mei nekklachten nei it sikehûs brocht.

Op De Jouwer binne op de Geert Knolwei in bus en in frachtwein op elkoar botst. Dêrby rekke nimmen ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)